Himrikkerskaakspektakel

 

Wat te doen op een zonnige zondag middag in maart? Nou, dan belt Sipke om te vragen of er ook zin is in een gezellig partijtje schaken, ergens in de binnenlanden van Opsterland. Het verslag van dit Himrikkerskaakspektakel is van ons gastlid Tjisse Hettema, en voor zover bekend het eerste Friestalige verslag op de website van Mid Fryslân.

 

 

Sneon 5 maart wie dan de kick-off fan de earste edysje fan it Himrikkerskaakspektakel yn de sfearfolle ambiânse fan atelier De Weefplaats krekt bûten De Himrik. Fjouwer sterke spilers út de omkriten fan De Himrik diene hjiroan mei: De skaakkampioen fan Mid-Fryslân Peter Koning út Akkrum; de eardere kampioen fan Oostermoer Johan Meirink út Assen; de snipferkâlden mearfâldich kampioen fan Westergo Sipke de Schiffart út Ljouwert en de dichter/lokale antyheld Tsjisse Hettema út De Himrik. De protagonisten joegen elkoar yn dizze rapid-seiskamp net folle kado. En al gau fleagen de dame-gambiten, loperfiansjetto’s en dolle toer-motiven oer de boerden.

Oan de ein fan de dei wie it Peter Koning út Akkrum dy’t mei 4,5 punten de beker yn ‘e wacht sleepte. Nipt in heale punt foarsprong op nûmer twa Johan Meirink út Assen. Sipke de Schiffart út Ljouwert waard tredde mei 2,5 punten (snif) en de lokale antyheld foel bûten de prizen mei ien punt.

Om in yndruk te jaan fan it nivo fan dy dei, hjirûnder in moaie offerpartij wêryn’t de lokale antyheld op winst komt, mar troch de lichte stikken fan syn tsjinstanner knap fuortspile wurdt en ferliest.

Johan Meirink – Tsjisse Hettema

1.e4 e5 2.f4 exf4 3.Pf3 d5 4.exd5 Lg4 5.Le2 g5 6.h4 f6 7.Pc3 Dd7 8.Pxg5 De7 9.Pf3 Pd7 10.d4 Ph6 11.Lxf4 Pf5 12.Dd2 0–0–0 13.0–0–0 Pb6 14.Tde1 Db4 15.a3 Da5 16.Pe4 Dxd5 17.Pc3 Da5 18.Lxc7 [Diagram

Johan-Tjisse

 

dit is in wyldwest-stelling dêr’t no fan alles mooglik is. Koaning slacht loper, dan ferliest swart syn dame (Pb5 skaak) De antyheld moast even bekomme fan de loperynslach op c7 en seach doe de oplossing: Lh6 en de wite meteoryt moat werom yn syn baan om de Dame te beskermjen.

18…Lh6 19.Lf4 [Dat foarkomt net dat er nei de folgjende set fan swart syn dame ferliest.]

19…Lxf3 [Ek as er no earst loper op h6 slacht dan noch is er nei Txd4 syn dame kwyt.]

20.gxf3 Txd4 21.Lxh6 Txd2 22.Lxd2 Td8 23.Pe4 Dd5 24.Kb1 Dc6 25.Ld3 Pa4 [Wyt ûntwikkelt no syn lichte stikken sa moai dat de antyheld komt der net mear oan te pas.]

26.Pc3 Txd3 27.cxd3 Pd4 28.Tc1 Kb8 29.Lf4+   1-0

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *